|
HZZ verzamelaarster
- 3 Affensammlerin – Collectionneur des trois
singes de la sagesse
|
|
|
Susan ten Kate Friesland - Nederland |
|
|
Hoe myn HSS(Hear,sjoch en sprek gjin kwea)samling
ûntstien is: Myn broer is in samler fan spielkaarten. As familje
wienen wy drok dwaande om foar him en foar syn freonsamlers te garjen. Doe
kaam ik op it idee om ek wat te garjen. Nei dat ik yn de keamer om sjoen hie,
seach ik de trije apen, dy’t ik yn 1972 fan kollega’s yn A’foort . krigen
hie. Sa ûntstie myn samling. Ik ha daliks de kar makke dat ik allinich losse
apen ha woe omdat ik seach dat myn broer syn samling op in museum like en dat
woe ik net. En sa begûn it……oant ik foar myn wurk nei Swolle moast en yn in
kuriosawinkel in fitrine mei in HSSsamling seach. Dus ik bin net de
iennichste! De eigner fan de saak fertelde my oer de ynformaasje en de HZZclub. Hiel bysûnder fûn ik de
bestjutting, in libbenshâlding, en ha my opjûn as lid. Wol hie ik efkes tiid
nedich om nei de jielrlikse klubdei te gean mar doe dy yn Grins wie tocht ik
“No as Noait”! Ik moette dêr in protte samlers. Sa krige ik der in
‘apefamylje’by. Myn samling wreidet him stadich út fan in plankje nei
in fitrinekast. As kado krigen as yn de ferleiding ta keapjen set fan oare
symboalen, Boeda’s, kikkers, poesen, boeken ensfh. Op de foto sjogge jimme yn myn hân de earste apen en
achter my 3 skilderijen, dy krige ik bij myn ôfskie fan it wurk yn desimber
2007. Se binne skildere troch in man mei in ferstannelike beheining. Ik bin
der apetrots op! Ik genietsje fan de jierlikse HSSdei dêr’t ik minsken
mei deselde passy út eigen lân en út it bûtelân moetsje. Genietsje ek fan ús
hast jierlikse eksposysje fan Fryske samlers op de hobjebeurs yn it WTC yn
Ljouwert neist it diske fan Janke. Elkenien begjint te leitsjen by it sjen
fan de apen. Seker by die trije KNAPEN fan APEN dy’t thús op it terras stean.
Oant sjen.
02-2009 |
Ik leef er met mijn man Syb en onze 4 kinderen, waarvan
er inmiddels 3 elders wonen. Hoe mijn HZZverzameling begon: Mijn broer
verzamelt speelkaarten. Als gezin verzamelden we veel voor hem en andere
vrienden totdat ik op het idee kwam om ook iets te gaan verzamelen. Na de
kamer rond gekeken te hebben viel mijn oog op de 3 apen die ik in 1972 van
mijn collega’s in Amersfoort had gekregen. Zo ontstond mijn verzameling van
Horen, Zien en Zwijgen. Ik heb gelijk de keuze gemaakt dat ik alleen losse
apen wilde verzamelen omdat ik zag dat mijn broer’s verzameling ging lijken
op een museum en dat wilde ik niet. En zo begon het…………totdat ik voor mijn
werk naar Zwolle ging en in een curiosawinkel een vitrine zag staan met een
HZZverzameling. Dus ik ben niet de enige die HZZapen vezamelt! De eigenaar van de zaak vertelde mij dat hij informatie
over de HZZclub had. Heel bijzonder vond ik het en toen ik de
betekenis van het gezegde las, een levenshouding, heb ik me gelijk aangemeld
als lid. Wel even geaarzeld om naar de jaarlijkse clubdag te gaan. Toen de
dag door de Groningse clubleden werd georganiseerd dacht ik ‘Nu of nooit’! Ik
ontmoette daar veel HZZverzamelaars. Zo kreeg ik er een ‘apenfamilie’ bij. Mijn verzameling breidt zich langzamerhand uit van een
plankje tot een vitrinekast. Als cadeau gekregen of ik laat me verleiden tot
het kopen van andere HZZsymbolen, Boeda’s, kikkers, poezen,boeken, etc. Op de foto zien jullie in mijn hand mijn eerste apen en
achter mij hangen 3 schilderijen die ik heb gekregen toen ik afscheid nam van
mijn werk in december 2007. Geschilderd door een man met een verstandelijke
beperking. Ik ben er apetrots op. Ik geniet van de jaarlijkse HZZdag waarop ik mensen met
een zelfde passie ontmoet uit eigen land en het buitenland. Genieten is het
zeker bij onze bijna jaarlijkse expositie van Friese HSSverzamelaars op de
hobbybeurs in het WTC te Leeuwarden naast de verkoopstand van Janke. Ieder
mens begint te lachen bij het zien van al die apen. Zeker bij die drie KNAPEN
van APEN die ik nu thuis op het terras heb staan. Tot ziens. |