Hear Sjoch En Sprek Gjin Kwea
Wiebe sit yn de tsjustere
keamer
yn syn holle is in lûd ge-eamel
as Wiebe sliept dan krijt er nuvere dreamen
in skrutene beweging en Wiebe wurdt kjel
druppels swit falle fan syn foarholle del
oan de muorre hinget in foto fan mem
hear sjoch en sprek gjin kwea
nee dat docht Wiebe net, dat docht er nea
Wiebe hat him dizze wike noch
net wosken
"hip hip hip" dogge alle mosken
it sop rint Wiebe al om 'e tosken
in glêd brún ding krûpt oer de flier
senuweftich tysket Wiebe troch syn tinne boskje hier
it skeelt net folle of Wiebe moat skrieme
|